Wa helpt Fryslân oan in hannelsmissy?

14 jan 2017 - 11:37

Fryske ûndernimmers krije de kâns om in hannelsmissy te organisearjen. De provinsje Fryslân skriuwt dêr in priisfraach foar út. It is by de missy de bedoeling dat bedriuwen út it bûtenlân by Fryske bedriuwen op besite komme. De fiif bêste ynstjoerings krije 20.000 euro foar de organisaasje.

Mei de priisfraach wol de provinsje de eksport befoarderje, want dêryn bliuwt Fryslân achter op de rest fan it lân. De oanfragen moatte foar 10 april yntsjinne wurde, in sjuery makket begjin maaie de útslach bekend. Ynskriuwe kin fia www.fryslan.nl.

Trefwurden: 
hannelsmissy provinsje
(advertinsje)
(advertinsje)