Heale finale bûnspartij bekend

28 maaie 2012 - 16:15

De heale finale fan de bûnspartij yn Frjentsjer sil pinkstermoandei gean tusken it partoer fan Grins en Berltsum. Grins wûn mei 5 om 5 en 6-4 fan Wjelsryp op 'e fjirde list. Berltsum fersloech mei presys deselde stân it partoer fan Boalsert.

De winner fan de heale finale mei it opnimme tsjin Sint Jabik, dat ferrassend mei 5-3 en 6-0 wûn fan Goutum. Teloarstelling foar it partoer fan Goutum mei Hendrik Tolsma, Cornelis Terpstra en Daniël Iseger, dy't de bûnspartij al twa kear wûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)