Twadde winst Snits follybal

23 okt 2011 - 00:18

De froulju fan Snits ha ek de twadde wedstriid yn de Dela-league wûn. Yn de eigen thúshal waard TFM/Dok Dwingeloo mei 3-0 ferslein. De setstannen 25-21, 25-13 en 25-19. Snits wie folle better, mar spile wikselfallich. Sa kamen de froulju fan coach Petra Groenland yn de twadde set mei 6-0 achter. In tuskensprint brocht de ploech op in 12-6 foarsprong en dêrmei wie de wedstriid spile. Ferline wike wûn Snits mei 3-2 fan Taurus út Houten.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal
(advertinsje)
(advertinsje)