Asylsikers stelle parfumfleskes by drogist yn Drachten

14 jan 2017 - 11:21
It sintrum fan Drachten - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Twa manlju fan 18 en 28 jier hawwe fjouwer wike sel krigen omdat se yn desimber yn Drachten fjouwer fleskes parfum stellen hiene. De straf is gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje. Beide manlju wenje yn it asylsikerssintrum yn Drachten.

De stellerij wie fêstlein troch in bewakingskamera. Yn de keamer fan de jongste fertochte fûn de plysje it rûkersguod. De manlju sitte fêst yn de finzenis yn Ter Apel. De kâns dat har asieloanfraach goedkard wurdt, is tige lyts.

(advertinsje)
(advertinsje)