Bewenner krijt mei túnslang brân net út

14 jan 2017 - 10:46

By in hok fan in hûs oan de Julianaleane yn Mullum hat sneontemoarn brân west. De bewenner hat earst mei in túnslang besocht om it fjoer út te krijen. Dat slagge net, mar de brânwacht hie de boel flot ûnder kontrôle.

It soe gean om in waskdrûger dy't yn de brân flein wie. Der is in protte reek frij kaam, mar mei de skea liket it ta te fallen.

Trefwurden: 
brân Mullum brânwacht
(advertinsje)
(advertinsje)