Besikers smokkelje drugs de Ljouwerter finzenis yn

14 jan 2017 - 09:32
De finzenis yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Yn de finzenis fan Ljouwert binne drugs fûn yn in pear skuon. In besiker hie de skuon meinommen foar in gefangene. De meiwurker fûn dat de skuon wol hiel bot nei lym rûkten en de röntgenbylden lieten ek ôfwikende saken sjen.

By neier ûndersyk waard hast 40 gram drugs yn de skuon fûn. De skuon binne yn beslach naam en de besikers binne troch de plysje meinommen nei it buro foar neier ferhoar.

Trefwurden: 
drugs finzenis Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)