Hynstekeuring úteinset yn stiif útferkocht WTC
Yn it WTC yn Ljouwert is fan 'e moarn de jierlikse hynstekeuring úteinset. Mei 7000 man publyk is de seal stiif útferkocht. Der is gjin kaart mear te krijen. Wol is it evenemint streekrjocht te sjen op Omrop Fryslân telefyzje.
De hynstekeuring is it iennige evenemint dêr't de goedkeurde dekhynsten fan it keninklik Frysk hynstestamboek te sjen binne.