FOTO'S: Stoarm en heechwetter rûnom yn Fryslân

Al soarge de stoarm fan freedtejûn net foar grutte problemen, de helptsjinsten moasten rûnom yn de provinsje al yn aksje komme. Yn Dokkum moast op de Dongeradyk in grutte tûke fuorthelle wurde, en yn Ljouwert hat in omwaaide beam yn de Piet Heinstrjitte foar grutte skea soarge oan in wenning. De beam foel ek op in garaazje, dêr't in oldtimer yn stie. Dy rekke skansearre.