Stoarm en heechwetter: fjouwer fragen foar it Wetterskip

14 jan 2017 - 07:37

De stoarm en it hege wetter soargen freedtejûn net foar grutte problemen. Wol stie de kade by de haven yn Harns in skoft ûnder wetter, en ek op Skylge stie it wetter gâns heger as normaal. Tusken Holwert en Lauwerseach hat it wetterskip dykbewaking ynsteld. Dat barde foar it lêst yn oktober 2015.

De dykwachters kamen gjin bysûnderheden tsjin, om healwei tolven sakke it wetter wer, en binne se der mei opholden. Wy leinen Henk Flikkema fan it Wetterskip fjouwer fragen foar oer de dykbewaking.

Hoe giet dat yn syn wurk, dy dykwacht?

Om 21.15 binne twa ploegen fan twa man yn in terreinauto stapt. Se ride stadich oer de ynspeksjedyk oan de seekant dan de dyk tusken Holwert en Lauwerseach del, mei in sterke lampe. Se ynspektearren de dyk oant Lauwerseach ta. Fan dêr ôf namen de kollega's fan it Grinslanner wetterskip Noordzijldervest de dykbewaking oer.

Wêr lette de dykwachters op?

Se sjogge oft de dyk net skansearre is, en oft der gjin omstannichheden binne dy't der foar soargje kinne dat de dyk letter stikken gean kin. Guod wat oanspield bygelyks.

Wêrom dogge jim it sa?

De dykbewaking is der op rjochte om kwetsbere of skansearre plakken yn de seedyk op 'e tiid te finen, sadat se fluch wersteld wurde kinne. Njonken de dykbewaking sjogge alle rayonbehearders fan it wetterskip aktyf oft de hege wetterstân in har gebiet foar problemen soargje kin.

Wannear komt der dykbewaking?

Dykbewaking giet yn by in ferwachte wetterstân fan trije meter boppe NAP yn de sektor Harns. Sa hjir it diel fan de kust tusken de Ofslútdyk en Lauwerseach. Rykswettersteat hâldt dit yn de gaten. Se warskjôgje ús as se mear as 2,70 meter boppe NAP ferwachtsje.

Rykswettersteat meldt ek gjin problemen troch it hege wetter. Yn Harns kaam de wetterstân wat leger út as ferwachte, mar op Skylge en Flylân kaam it wetter krekt wat heger. Dat hat gjin problemen opsmiten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)