Darter Danny Noppert yn thriller nei heale finale Lakeside

Danny Noppert fan De Jouwer hat freedtejûn yn Frimley Green foar in sensaasje soarge troch as earste Fries ea de heale finales fan it Lakeside World Darts Championship te berikken. De 26-jierrige darter wûn yn de kwartfinale mei 5-3 yn sets fan regearjend en twafâldich wrâldkampioen Scott Waites. Yn de heale finales komt Noppert sneon út tsjin Darryl Fitton út Ingelân. It is foar Noppert dit jier syn debút op it poadium fan de Lakeside Country Club.
Romme foarsprong
Noppert kaam yn it begjin fan de partij fuortendaliks op in 2-0 foarsprong yn sets. De Jouster wûn twa kear in beslissende fiifde leg fan de regearjend wrâldkampioen. Waites pakte de tredde set noch wol, mar dêrnei wie it wer twa kear Noppert dy sadwaande op in 4-1 foarsprong kaam. De winst like binnen, oant it momint dat Noppert foar de winnende dûbel goaie moast.
Waites komt werom
Noppert miste yn de sechde set mar leafst fiif matchdarts. By in stân fan 2-2 yn legs toande Scott Waites syn klasse mei in finish fan 144 foar de set. Noppert like net hiel bot fan slach, mar moast ek de sânde set wer mei 3-2 ynleverje. By in stân fan 4-3 yn it foardiel fan de Jouster gie de knop dochs om. Mei ûnder oaren in 11-darter pakte Noppert mei 3-0 yn legs de lêste en winnende set.
''Ik libje yn in dream''
Noppert toande nei ôfrin fan de kwartfinale syn emoasjes. ''Ik genietsje enoarm fan myn oerwinning'', sa sei er. ''Waites waard hieltyd better en better. It wie foar my hiel dreech om de winst binnen te heljen. Dit is de earste kear dat ik hjir bin en no sit ik yn de heale finales. Dat is hast net te leauwen.'' Yn syn heale finale fan sneon hat er in soad fertrouwen. ''Ik ha faker fan Fitton won, dus ik gean it gewoan sjen. Ik libje yn in dream no.''