Zeinstra: ''Wy hienen graach wat punten pakt''

13 jan 2017 - 23:35

''In kloategefoel, tsjin de koprinner hienen wy graach wat punten pakt'', sa sei Harm Zeinstra nei ôfrin fan de wedstriid tsjin VVV-Venlo. SC Cambuur ferlear freedtejûn thús yn it eigen stadion mei 2-0 fan de koprinner. ''De earste helte wie hiel lestich, we kamen net yn ús spul. VVV hie alles hiel goed ticht, wy kamen der gewoan net oan te pas.''

''Niet goed genoeg''

Ek Michiel Hemmen wie nei de partij dúdlik: ''dit was gewoon niet goed genoeg'', sa sei er. ''VVV had zich vrij goed voorbereid op ons. Ik had het idee dat zijn duidelijk wisten hoe ze tegen ons moesten voetballen. Dan wordt het lastig spelen.''

''Op alle fronten ferslein''

Trainer Sipke Hulshoff wie it mei syn twa spilers ien. ''Wy binne op alle fronten ferslein hjoed. VVV hat sjen litten wêrom't se boppe-oan stean'', sa sei Hulshoff nei de wedstriid. ''Wy stean no 14 punten achter VVV, dus we kinne rêstich fierder mei wêr't we mei dwaande binne. We moatte gewoan wer fierder.'' 

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal VVV-Venlo
(Advertinsje)
(Advertinsje)