UNIS Flyers yn ferlinging nei winst yn Amsterdam

13 jan 2017 - 23:03
Spilers fan de UNIS Flyers - Foto: awfoto.nl

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe freedtejûn yn Amsterdam mei 4-3 wûn fan de Amstel Tijgers. Nei de earste perioade stie de ploech fan It Hearrenfean mei 2-0 achter. Dochs kaam it team fan coach Mike Nason werom oant 2-2 troch goals fan Wurm en Van Aalderen. Yn ien fan de lêste minuten skoarde Berteling foar de Amsterdammers, mar troch in goal fan Turcotte waard it 3-3. Yn 'e ferlinging makke Postma dochs noch dien wurk.

De UNIS Flyers komme snein wer yn aksje. Dan spylje de iishockeyers thús tsjin Herentals.

(Advertinsje)
(Advertinsje)