Faderpaard wol 50.000 minsken nei útfieringen Stormruiter

Mei in grut spektakelstik mei tachtich oant hûndert Fryske hynders wol stichting Faderpaard yn 2018 rom 50.000 minsken nei Ljouwert helje. De produksje stiet ûnder lieding fan Jos Thie en kostet mar leafst 2,5 miljoen euro. In part fan dat jild moat binnen helle wurde troch de ferkeap fan kaartsjes en de stichting is der fan oertsjûge dat dat gjin inkeld probleem wêze moat. Se hawwe in merkûndersyk dwaan litten en dêr die út bliken dat der yn Nederlân 400.000 minsken binne dy't nei sa'n hynsteshow komme wolle.
Derneist is Faderpaard op syk nei sponsors. De organisaasje kin oant no ta rekkenje op finansjele stipe fan ûnder oaren it WTC Expo en Kulturele Haadstêd 2018. Meikoarten hoopje se noch oerienstimming te berikken mei in tal oare grutte sponsors. De earste útfiering fan de produksje is pland foar septimber 2018 en krijt de titel Stormruiter.