"Dan geeft iemand je een lel met een pistool op je kop"

14 jan 2017 - 13:17

"Dan komt er iemand op je af die je een lel met een pistool op je kop geeft", dat fertelt Valentino Selva, neffens himsels in ''Ras-Sneker met in Italiaans hart.'' By in gewelddiedige oerfal op syn hûs stie er each yn each mei syn oerfallers. "En ook als sterke beer, ben je nergens als ze met wapens komen". Valentino wennet op it heden simmers yn Italië en yn 'e winter yn Makkum.

Dizze warbere wrâldboarger wie learaar Dútsk, Nederlânsk kampioen gewichtheffen, hie in hoveniersbedriuw en oerlibbe dus in gewelddiedige oerfal. Fan 'e wike ferskynde fan syn hân de triller 'Het geheim van Gaast'. 

It folsleine ferhaal fan Valentino Selva is snein te hearren om 11.00 oere yn Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio.

(Advertinsje)
(Advertinsje)