Woudagemaal de kommende trije dagen ûnder stoom

13 jan 2017 - 17:15
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It Woudagemaal by De Lemmer is de kommende trije dagen ûnder stoom. Dat is fanwege it hege wetter, mar ek om nij personiel yn de praktyk op te lieden. Normaal bringt it wetterskip it Woudagemaal twa kear yn it jier ûnder stoom om minsken op te lieden. De aktuele situaasje is lykwols in moaie gelegenheid om in tal nije masinisten ûnderfining opdwaan te litten. It Woudagemaal is sneon, snein en moandei ek iepen foar publyk.

Trefwurden: 
Woudagemaal Lemmer
(advertinsje)
(advertinsje)