Hynstekeuring yn it WTC Expo is folslein útferkocht

13 jan 2017 - 16:25
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der binne gjin kaarten mear te krijen foar de hynstekeuring sneon yn it WTC Expo yn Ljouwert. Alle 7.000 kaarten foar it ûnderdiel fan Faderpaard binne útferkocht. Ferline jier koenen minsken dy't gjin kaart hienen, noch oan de kassa telâne, mar dat sil sneon net slagje. Wa't gjin kaart hat, komt der net yn.

De keuring fan de stamboekhynsten is wol te sjen op telefyzje. Sneontemoarn fan healwei njoggenen ôf is de keuring streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân Telefyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)