Eigener ôfbrânde fytswinkel lit 'rotjier' achter him

13 jan 2017 - 16:15

Fytswinkel De Kroon yn it sintrum fan Boalsert gie op 16 septimber ferline jier yn flammen op. In drama foar de famylje Kroontje, want ek har wenhûs boppe de wurkpleats gie ferlern. Mar ûndernimmer Freddy Kroontje jout net samar belies. Freedtemiddei gie syn nagelnije winkel mei wurkpleats iepen.

Pronkstik yn dy nije winkel is de antike kast mei 72 laadsjes, dy't wûnder boppe wûnder net ferlern gie by de brân. It giet om in âlde kapperskast, dy't de pake fan Kroontje kocht foar de wurkpleats.

De kast waard brûkt om lytse fytsûnderdieltsjes te bewarjen, mar ek foar startkaarten fan de Fytsalvestêdetocht en is dêrmei in stikje fytsskiednis.

Kroontje hat de ladekast opknappe litten en in eareplak jûn yn de nije saak. Mei de fûle brân en alles dat der achterwei kaam, wie 2016 in 'rotjier' foar de ûndernimmer. 2017 sjocht der wer folle better út. De fytsmakker waard foar de tredde kear heit fan in soan en de nije saak is iepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)