Sjauffeurs AB Transport Groep fiere foarearst gjin aksje

13 jan 2017 - 16:07
Foto: ANP

De sjauffeurs fan de AB Transport Groep op It Hearrenfean sille de kommende wike gjin aksjefiere. Se wienen fan doel om te staken, omdat it bedriuw iensidich in fjouwerdaagse wurkwike ynsteld hat. It bedriuw hat no tasein dat se dêr mei de sjauffeurs oer prate wolle. De aksjes binne no foarearst fan de baan.

Fjouwerdaagse wurkwike

Sûnt ien jannewaris 2017 jildt de fjouwerdaagse wurkwike foar in grut part fan de sjauffeurs dy't ride foar de feefoer-ferfierder AB Texel Feed Transport.  Ein 2015 sei it bedriuw al dat it sa komme soe, fanwegen de wet- en regeljouwing om de arbeids- en rêsttiden hinne. "Daarbij is nadrukkelijk bekeken hoe wij voor onze chauffeurs de verdiencapaciteit konden maximaliseren" seit direkteur Adriaan Vis fan de transportûndernimming. "Nota bene: een groot aantal chauffeurs van AB Texel Feed Transport werkt al jarenlang naar tevredenheid in het vierdagensysteem."

"Richting het personeel doet de directie alsof vakbonden en ondernemingsraad akkoord zijn gegaan met de invoering van het vierdaagse systeem," sizze de ûnderhannelers fan de fakbûnen. "Dat is absoluut niet het geval. In het overleg volgende week is er dus nog wel werk aan de winkel om dit conflict op te lossen. Onze inzet is helder: we laten de chauffeurs niet de dupe worden van dit nieuwe systeem."

(Advertinsje)
(Advertinsje)