Zoutsloter krystmerk is ien fan de bêste fan Europa

13 jan 2017 - 16:01

De Zoutsloter krystmerk yn Harns is ien fan de bêste fan Europa. Dat fine de besikers fan krystmerken. Sy hawwe de ôfrûne tiid stimme kind op wat se de bêste krystmerk fine. De ferkiezing wie organisearre troch in pear toeristyske websiden.

Nei Leiden, Haarlem en Valkenburg stiet Harns op it fjirde plak, noch foar ferneamde krystmerken as Deventer, Düsseldorf en Maastricht. Op it njoggende plak stiet de krystmerk fan Bûtenpost.

Top 10 Krystmerken:

1. Leiden (37,56%)
2. Haarlem (15,99%)
3. Valkenburg (13,08%)
4. Harns (10,30%)
5. Dordrecht (7,49%)
6. Deventer (Dickens Festijn – 2,47%)
7. Düsseldorf (2,15%)
8. CentrO Oberhausen (1,65%)
9. Bûtenpost (0,91%)
10. Maastricht (0,84%)

Trefwurden: 
Harns ferkiezing krystmerk
(advertinsje)