Noch gjin ferhuzing UWV, beide kantoaren bliuwe yn Ljouwert

13 jan 2017 - 15:48
UWV - Foto: ANP

It kantoar fan it UWV oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert bliuwt noch seker trije jier iepen. It wie de bedoeling om it kantoar ein dit jier te sluten en it personiel oer te pleatsen nei Grins, mar dat slagget net omdat it UWV noch te folle minsken yn tsjinst hat. Dat komt troch de krisis, wêrtroch't der mear personiel oannaam is.

It UWV besjocht de kommende twa jier wannear't der wol ferhuze wurde kin. Yn it kantoar oan de Tesselschadestrjitte wurkje op it stuit goed 200 minsken.

It UWV hat ek noch in kantoar by it stasjon yn Ljouwert dêr't kliïnten ûntfongen wurde foar keuringen en begelieding nei wurk. Dat kantoar bliuwt dêr.

Trefwurden: 
UWV Ljouwert ferhuzing
(Advertinsje)
(Advertinsje)