Priisfraach foar ûndernimmers moat eksport stimulearje

13 jan 2017 - 15:37
Eksport - Foto: ANP

Fryske ûndernimmers mei in goed plan kinne in jildpriis winne om yn 2018 in hannelsmissy te organisearjen. De provinsje hat dêr in priisfraach foar útskreaun. It is de bedoeling om bûtenlânske bedriuwen nei Fryslân te heljen. De fiif bêste ynstjoeringen krije elk 20.000 euro foar de organisaasje dêrfan. De provinsje wol sa de ynternasjonale hannel stimulearje. Fryske ûndernimmers eksportearje minder as it lanlik gemiddelde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)