Maatregels Harns fanwege heechwetter, slûzen Ofslútdyk ticht

13 jan 2017 - 14:21

Yn Harns wurde freed maatregels naam fanwege it hege wetter. De ferwachting is dat jûns om 21.50 hinne it wetter 3,10 meter boppe NAP komme sil. Dêrtroch sille kaden en stegers ûnderrinne. It giet benammen om de Willemskade en de Dokkade. Ek it legere part fan de Fiskerskade kin ûnder wetter komme te stean.

De kearmuorre is sletten en fan 16.00 oere ôf is it net mear tastien om yn it Willemshavengebiet te kommen. Minsken dy't harren auto dêr parkearre hawwe, moatte dy foar dy tiid fuort helje. As it nedich is, sil de gemeente se fuortslepe.

Ek Flylân riedt him ta op it ferwachte hege wetter fan freedtejûn.

By Koarnwertersân binne om 15.00 oere de slûzen yn de Ofslútdyk sletten fanwege it hege wetter en it ferwachte minne waar. De skipfeart krijt sneon twa oeren foar de iepening berjocht as de skippen der wêr troch kinne. 

Trefwurden: 
Harns heechwetter
(Advertinsje)
(Advertinsje)