Harnzer skeldvlogger moat de sel yn

13 jan 2017 - 13:53
Foto: ANP XTRA

In 46-jierrige ynwenner fan Harns hat fan de plysjerjochter seis moanne sel krigen en trije moanne ûnder betingst. Hy krige de straf foar in lange rige strafbere saken. De man wennet yntusken net mear yn Harns, om't de gemeente him ferline jier april út syn wenning set hie. De man swalket sûnt dy tiid troch Ljouwert. De Harnzer is berucht foar syn skeldvlogs op YouTube.

De Harnzer is ferslaafd oan drank en drugs en helpferlieningsynstânsjes sizze dat se net witte wat se mei him oan moatte. De reklassearring hat yn oanrin nei de rjochtsaak in rapport oer him útbrocht, mar ek dêr kamen de konklúzjes net fierder as wat al bekend wie. De man soe eins behannele wurde moatte, mar dat wol er net.

Yn de tiid dat de man yn Ljouwert swalke, wie er ferantwurdlik foar meardere ynsidinten. Sa hie er yn maaie op it NS-stasjon twa meiwurkers fan de spoarplysje bedrige en misledige. In agint dy't him oppakke woe, krige ek de wyn fan foaren. Yn deselde moanne hat er in auto op in carpoolplak by Frjentsjer fernield.

Yn novimber hat er in meiwurker fan de sintrale biblioteek yn Ljouwert bedrige, troch kopstjitbewegingen te meitsjen en de man by de kiel te pakken. Ek dizze kear bedrige er de agint dy't him oppakke woe. 'Het is trekken aan een dood paard', sa sei de offisier by de behanneling fan de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)