"Trump? Jou dy man in kâns!"

13 jan 2017 - 13:37

"Der wurdt drok spekulearre oer dy man, mar jou him in kâns." Dat wie ien fan de opmerkingen op de Ljouwerter freedsmerk oer de oankommende presidint fan Amearika. Takom wike freed is de ynauguraasje fan Donald Trump. Fan dat momint ôf is hy min of mear de wichtichste man op 'e wrâld.

De measte ferwachtingen fan presidint Trump wiene lykwols negatyf: "As ik him sjoch krij ik al de bibbers", "It is mear in 'louche' sakeman", "Sa'n makker slacht gau op in knop dêr't in atoombom efter sit, skat ik yn", "It is in megalomane idioat".

En: "Het is een soort Comedy Capers: over in half jaar is 'ie wel weer weg". Mar der wie dus ek romte foar nuânse: "Hy is oandiel fan in demokratysk bestel, it is gjin diktator of sa...".

(Advertinsje)
(Advertinsje)