Zienn yn de reade sifers: ûntslaggen folgje

By Zienn krije op syn meast 56 minsken dien. Dat meldt de wolwêzensorganisaasje op har webside. De ûntslaggen binne nedich om't Zienn yn 2016 mei in dik ferlies draaid hat en ek dit jier jild tekoart komt. Zienn dûkt noch fierder de reade sifers yn as der neat bart. De ûntslaggen treffe benammen minsken dy't ambulant wurkje. Dy geane by kliïnten del dy't troch ferslaving of psychyske problemen dakleas driigje te reitsjen. De hjoeddeiske tariven foar ambulante begelieding binne te leech om de kosten te dekken.
It is net de ferwachting dat dy tariven omheech geane, seit Zienn. Der wurdt no ûndersocht wat noch wol mooglik is. Yn alle gefallen feroaret it ambulante oanbod fan 1 jannewaris takom jier ôf. It personiel dêr't it om giet is tongersdei op de hichte brocht op in gearkomste. Zienn neamt de maatregels spitich, mar wol fierder noch net reagearje.
Der wurkje goed 400 minsken by Zienn. De organisaasje begeliedt alle jierren sa'n 1250 minsken yn de thússituaasje. De fakbûnen binne op de hichte steld fan de reorganisaasje. Ambulante stipe foarkomt dat minsken dakleas wurde en it is wichtich dat minsken sa lang mooglik selsstannich wenje kinne, skriuwt de organisaasje.