UPDATE: Mooglik drugs fûn op strân It Amelân

13 jan 2017 - 12:06
Mooglik ferdôvjende middels - Foto: Politie Ameland

Op it strân fan It Amelân binne fan 'e moarn twa pakketsjes mei nei alle gedachten kokaïne oanspield. Neffens wurdfierder Ron Reins fan de plysje giet it om yn totaal trije kilo. In kuierder fûn de pakketsjes fan 'e moarn op it Noardseestrân en hat se by de plysje brocht. Sjoen de wize wêrop't de pakketsjes ferpakt binne giet it neffens de plysje frijwol wis om kokaïne. De pakketsjes sille nei it forinsysk ynstitút brocht wurde dêr't fierder ûndersyk dien wurde sil.

It is net bekend wat de wearde fan de drugs is. De plysje hâldt der rekken mei dat der mear pakketsjes oanspiele sille en docht de oprop dizze nei it plysjebruo te bringen.

Trefwurden: 
drugs It Amelân
(Advertinsje)
(Advertinsje)