Aris wint dik fan Weert

22 okt 2011 - 23:20
Foto: Omrop Fryslân

Lasaulec Aris hat mei romme sifers fan Weert wûn. De Ljouwerter basketballers wiene mei 88-70 te sterk. Allinne yn it earste kwart draaide de ploech fan coach Erik Braal stroef. Weert wûn dat earste kwart mei 22-18. Dêrnei wie der foar Weert gjin hâlden mear oan. Benammen yn it twadde kwart waard it ferskil makke: 31-15. Yn de lêste twa kwarten wie Aris mei 19-17 en 20-16 de baas. Lance Jeter wie mei 25 punten de bêste Aris-skutter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)