Skelet Schelte van Aysma fûn yn Skettens

13 jan 2017 - 10:55

Yn de tsjerke fan Skettens is it stoflik oerskot fan Schelte van Aysma fûn. Ek binne der noch trije oare deadshollen oantroffen. Aysma wie yn de 17de iuw in militêr yn it Staatse leger. Hy wie troud mei in dochter fan Tjemck van Osinga, dy't ek begroeven leit yn de tsjerke.

De fynst fan de grêfkelder is it bewiis dat de grêfkelder ynstoarten is yn 1865. Der sil noch ûndersyk komme nei de oare deadshollen en wat Schelte van Aysma allegearre dien hat yn syn libben.

De deadshollen en bonken kamen foar it ljocht by it renovaasjewurk dat no oan de gong is. Doe't ien fan de stiennen fan de flier fuorthelle waard, ûntdutsen de meiwurkers in muorre mei in grêfkelder derachter. De ôfrûne tiid hawwe archeologen de kelder ûndersocht.

"It binnen de skatten fan Skettens", sa seit de gemeente. Se binne wiis mei de fûnst. "De minsken krije no in hiel moai byld fan de histoarje fan Skettens." De grêfkelders sille iepenbier makke wurde foar publyk sadat minsken ynsjoch krije yn de begraffeniskultuer fan doe.

Dizze simmer sil de tsjerke iepengean as bêd en brochje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)