Liet Seunnenga wint yn Drinte

28 maaie 2012 - 13:55
Jan Seunnenga - Foto: Omrop Fryslân

In ferske op muzyk fan Jankobus Seunnenga út Ljouwert hat sneon it Drèents Liedtiesfestival wûn. It giet om it ferske 'Ik bin zo wies', dat in tekst hat fan de yntusken ferstoarne dichter Peter van der Velde.

Seunnenga waard troch sjongeres Annemiek Drenth frege foar it meitsjen fan de muzyk, mei omdat er in Drintske het hat. Jankobus Seunnenga makke earder diel út fan it duo Pigmeat.

Trefwurden: 
Jankobus Seunnenga
(Advertinsje)
(Advertinsje)