Wetterskip Fryslân kontrolearret kaden en diken

13 jan 2017 - 10:36

It Wetterskip Fryslân is freed úteinset mei de jierlikse ynspeksje fan kaden en diken. Sa'n 3200 kilometer wurdt der kontrolearre troch 30 rayonbehearders. De 'kadeschouw' wurdt útfierd om te sjen hoe sûn in stik dyk is. Der mei bygelyks gjin ôffal of beplanting op de diken wêze en it gers moat yn oarder wêze.

Wannear't in rayonbehearder in oertrêding konstatearret dan wurdt de behearder fan it lân ynskeakele. De lêste tiid fernimt it Wetterskip dat der hieltyd minder oertrêdingen binne.

Wetterskip Fryslân is ek ferantwurdlik foar de ynspeksje fan de diken yn it Westerkwartier yn Grinslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)