Strannen Flylân en Skylge noch leech

13 jan 2017 - 09:03

It is noch stil op de strannen fan Flylân en Skylge. Alteast, it is stil wat oanspield guod oanbelanget. Want de jutters binne manmachtich oanwêzich. Woansdeitejûn ferlear in frachtskip 15 konteners boppe de beide waadeilannen. Se sitte nei alle gedachten fol mei nôt, karton en masine-ûnderdielen. Dirk Bruin fan Flylân is ien fan de jutters dy't dizze dagen hast op it strân wennet. "Op dit moment is er nog niets te beleven." sa seit Bruin "Al zijn er wel veel jutters, maar er ligt nog niet veel op het strand."

As der ien kear bekend is dat der guod yn oantocht is, dan wurdt it al gau drok op it strân, sa lit Bruin witte. "Je wordt toch onrustig van de meldingen, want wat nou als het strand vol ligt met spul? Dan moet je er wezen natuurlijk."

Tongersdei hawwe de jutters sawat de folsleine dei op it strân west, oant jûns let waard der rûnriden om te sjen oft de al wat guod oanspielde, mar oant no ta is der noch neat oankaam. Bruin bliuwt lykwols posityf: "We wachten vandaag vrolijk af."

Trefwurden: 
Flylân Skylge jutter jutte
(Advertinsje)
(Advertinsje)