Unrêst by AB Transport Groep troch koartere wurkwike

13 jan 2017 - 07:47

Der is ûnrêst by de AB Transport Groep op It Hearrenfean. Sjauffeurs fan it transportbedriuw en de fakbûnen driigje mei aksjes omdat it bedriuw iensidich in fjouwer-daagse-wurkwike ynsteld hat. Dy jildt sûnt 1 jannewaris foar in grut part fan de sjauffeurs. Dat is tsjin it sin fan it personiel, de fakbûnen en ek de ûndernimmingsried. De fakbûnen easkje yn in ultimatum dat freedtemiddei om trije oere ôfrint, dat de roasters fuortendaliks fan tafel helle wurde. Oars sille se aksjefiere.

Trefwurden: 
AB Transport Group fakbûn
(Advertinsje)
(Advertinsje)