Ferkear moat rekken hâlde mei glêdens

13 jan 2017 - 06:39
Struiweinen de dyk op - Foto: Srfotografie

It ferkear yn de provinsje moat fan 'e moarn rekken hâlde mei glêde diken. Troch sniefal kin it op guon diken glêd wêze. Ferskate gemeenten lykas Hearrenfean en Achtkarspelen hawwe fannacht de struiweinen ynset om de glêdens te bestriden. It KNMI hat fan 'e moarn noch in koade giel stean foar Fryslân. Dit betsjut dat der lokaal glêdens wêze kin en dat bestjoerders harren rydgedrach oanpasse moatte oan de omstannichheden.

By Wynjewâld is fannacht yn in sniebui in auto njonken de dyk rekke, en tsjin in ferkearsboerd oanbotst. De bestjoerder rekke hjirby net ferwûne.

Yn it easten fan it lân is de measte snie fallen, op guon plakken sels 12 sintimeter. Bus- en treinferfierder Arriva meldt noch gjin bysûnderheden nei oanlieding fan de snie en glêdens.

Trefwurden: 
glêdens snie
(Advertinsje)
(Advertinsje)