Darter Danny Noppert nei kwartfinales Lakeside

13 jan 2017 - 00:19

Darter Danny Noppert hat tongersdeitejûn ienfâldich de kwartfinales fan it Lakeside World Darts Championship berikt. De 26-jierrige Jouster wûn mei 4-0 yn sets (3-0, 3-0, 3-2, 3-0) fan Richard Veenstra út Ossenzijl. Noppert smiet in goede partij en einige de wedstriid mei in finish fan 164. Syn gemiddelde siet op goed 91 per trije darts, tsjinoer 88 foar Veenstra. Yn de kwartfinales, dy't freed hâlden wurde, spilet Noppert de lêste wedstriid fan de jûn tsjin regearjend Lakeside-kampioen Scott Waites út Ingelân.

Sterk begjin

Noppert begûn goed oan de wedstriid en pakte de earste twa sets sûnder in leg te ferliezen. Yn de tredde set nei it skoft like Veenstra werom te kommen, mar Noppert wûn trije legs op rige en stie doe mei 3-0 yn sets foar. Yn de lêste set wie Noppert net mear te hâlden. Mei 3-0 yn legs en in finish fan 164 pakte de Jouster de wedstriid.

''Hiel wiis''

''Ik bin hiel wiis mei myn oerwinning'', sa sei Noppert nei ôfrin fan de wedstriid. ''Ik moast tsjin in goede freon spylje, en dat is dreech. Richard kin better as dit, mar ik bin bliid dat ik hjoed de winst pakt ha.'' Noppert sjocht mei fertrouwen út nei syn kwartfinalewedstriid tsjin Scott Waites freed: ''ik sjoch dernei út, ik haw der nocht yn.'' 

(advertinsje)