Enerzjy Korporaasje Flylân krijt subsydzje foar sinnepark

13 jan 2017 - 07:00

Twa fuotbalfjilden fol mei sinnepanielen oanlizze om elektrisiteit op te wekken foar de eilanners. Dat is it doel fan de Enerzjy Korporaasje Flylân. No't it Ryk koartlyn besletten hat de korporaasje in subsydzje te jaan, liket it projekt ûnder de namme Zonneakker der te kommen.

De Enerzjy Korporaasje Flylân moat de oanlis fan it park yn earste ynstânsje wol sels finansiere. It Ryk jout har in subsydzje op levere stroom. As de sinnepanielen allegearre oanlein binne, kinne sa'n 250 húshâldens fan enerzjy foarsjen wurde. De korporaasje giet no op syk nei dielnimmers om mei de oanlis úteinsette te kinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)