Oanlis fly-overs by nije knooppunt De Jouwer

12 jan 2017 - 21:45
De Jouster rotonde út de loft - Foto: Omrop Fryslân

By De Jouwer wurdt dizze moanne begûn mei de oanlis fan de saneamde fly-overs. It is de folgjende stap yn de oanlis fan it nije knooppunt by De Jouwer. De besteande rotonde ferdwynt dan. In fly-over is fergelykber mei in fiadukt. It wurk begjint op de A7 rjochting Snits. De middenberm ferdwynt, want dêr komme twa stipepunten foar de fly-overs te stean.

It ferkear wurdt der oan beide kant begelaat en mei maksimaal 70 kilometer yn de oere ride. De ferwachting is dat yn septimber de lizzers fan 50 meter lang oer de dyk hinne pleatst wurde kinne. It nije knooppunt moat ein dit jier hielendal klear wêze.

Trefwurden: 
De Jouwer rotonde fly-overs
(Advertinsje)
(Advertinsje)