Ursi Frehner nimt plak Vellinga oer yn provinsjehûs

12 jan 2017 - 21:13
Gemeente Súdwest-Fryslân

Marieke Vellinga-Beemsterboer ferlit de provinsjale polityk. It D66-steatelid makket de oerstap mei de gemeentepolityk. Se wurdt fraksjefoarsitter fan har partij yn Súdwest-Fryslân.

It plak fan Vellinga op it provinsjehûs wurdt oernaam troch Ursi Frehner. Sy hat sân jier fraksjefoarsitter yn Lemsterlân west en is op it stuit kommisjelid yn De Fryske Marren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)