FIDEO: Rianne de Vries yn bêste foarm ea

13 jan 2017 - 06:00

Rianne de Vries gokt dit wykein op in plak by de earste acht op it Europeesk kampioenskip shorttrack. De âld-ynwenster fan Tsjalbert omskriuwt har foarm as har bêste ea. "Ik moat allinnich wat brutaler wurde." Njonken de yndividuele ôfstannen, docht Rianne ek mei oan de ôflossing. De Nederlânske ploech is favoryt foar it goud.

Freed begjint it EK mei de kwalifikaasjeronden. Sneon binne de finales fan de 500 en 1500 meter. Snein einiget it toernoai mei de 1000 en 3000 meter (superfinale) en de finale op de ôflossing.

(advertinsje)
(advertinsje)