Flylanner stiet hast as iennige Fries op Vakantiebeurs

12 jan 2017 - 20:19

It is eins elk jier wer in punt fan diskusje: op hokker fakânsjebeurzen moat "it toeristysk produkt" Fryslân him presintearje? Merk Fryslân kiest net foar de Vakantiebeurs, de grutste fan ús lân, dy't dizze dagen yn de Jaarbeurs yn Utrecht hâlden wurdt. Ien fan de fertsjintwurdigers fan ús provinsje dy't dêr wol stiet, is Jan Houter fan Flylân.

Strategyske ôfwaging

Hy is tige te sprekken oer de beurs. "Het is hier verschrikkelijk druk. Veel mensen zoeken een vakantie binnen Nederland. Ik ben niet van mijn stand weg te slaan", fertelt Houter. Merk Fryslân hat lykwols bewust keazen net nei de beurs ta te gean. "It wie in strategyske ôfwaging. Njoggentich prosint fan de oriïntaasje foar in fakânsje bart online. Dêr sette we dan ek fol op yn", ferklearret Martin Cnossen fan Merk Fryslân.

Houter snapt dat net. "Je moet niet alleen naar online kijken. Ik krijg hier heel veel vragen van mensen. Je moet blijven verkopen, ook al gaat het momenteel goed."

(Advertinsje)
(Advertinsje)