Start fan teäterproduksje 'De Stormruiter' yn Ljouwert

12 jan 2017 - 19:44
In Frysk hynder - Foto: ANP

De teäterproduksje 'De Stormruiter' set freed offisjeel útein. Dan pleatst Stichting Faderpaard yn it WTC Expo yn Ljouwert de hantekens ûnder kontrakten mei sponsoaren en partners. 'De Stormruiter' fertelt it ferhaal fan de iuwenlange striid yn Fryslân tsjin it wetter en de skiednis fan it ferneamde Fryske hynder. De produksje wurdt makke yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Ferskate ferneamde akteurs hawwe in rol yn 'De Stormruiter', mar der dogge ek in soad frijwilligers mei. Der wurde yn it neijier fan 2018 meardere foarstellingen opfierd. De organisaasje ferwachtet sa'n 80.000 besikers nei it WTC Expo te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)