FIDEO: De hurdfytskarriêre fan Lieuwe Westra

In pear dagen lyn befêstige hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje dat er in streek ûnder syn hurdfytskarriêre sit. De 34-jierrige Westra kampt op it stuit mei in depresje. Dêrtroch kin er net de motivaasje fine om troch te gean. Nettsjinsteande kin de hurdfytser weromsjen op in moaie karriêre. Westra die fiif kear mei oan de Tour de France, it grutste poadium yn it hurdfytsen. As 14-jierrich jonkje siet er al op 'e fyts. In kompilaasje oer it hurdfytslibben fan It Beest.