Enerzjyloket iepene yn Hurdegaryp

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ynwenners fan Hurdegaryp kinne tenei telâne op in spesjaal loket yn eigen doarp om mear te witten te kommen oer it enerzjysunich meitsjen fan harren wente of de bou fan in nij enerzjyneutraal hûs. It loket sit flakby in grutte supermerk oan de Foarmanderij en de gemeente hopet dat it sa foar minsken makliker wurdt om samar efkes binnen te rinnen. Foarhinne moasten se foar de ynformaasje bygelyks nei it gemeentehûs of online op syk. Dit moat de drompel ferleegje. It loket waard tongersdeitemiddei iepene mei in wenningbeurs.