Freule keatspartij yn Wommels hat nij stichtingsbestjoer

12 jan 2017 - 17:33
De Freule yn Wommels - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Freule keatspartij yn Wommels hat in nij stichtingsbestjoer. De wichtichste keatswedstriid yn it jier foar jonges tusken de 14 en 16 jier waard oant no ta organisearre troch de keatsferiening fan Wommels. Dy fûn it lykwols hieltyd dreger om dat njonken it gewoane wurk foar de feriening te dwaan. Ferline jier is der dêrom foar keazen om de organisaasje ûnder te bringen yn in stichting.

It nije bestjoer bestiet út de frijwilligers Gerrit Flisijn, René Politiek, Anke Strikwerda, Jantine Weidenaar en Johan van Tuinen as foarsitter. Ynhâldlik feroaret der neat oan de Freule. De kommende edysje fynt plak op 9 augustus.

Trefwurden: 
Freulepartij bestjoer keatsen
(advertinsje)
(advertinsje)