Provinsje jout tonnen subsydzje oan festivals

12 jan 2017 - 17:01
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Njoggen Fryske festivals krije subsydzje fan de provinsje, foar dit jier en takom jier. Fiif festivals krije allegear in ton. Dat binne Explore the North, Welcome to the Village, it Frysk Strjitfestival, it festival Simmerdeis en it Oranjewoudfestival. Oare eveneminten krije subsydzje tusken de 30.000 en de 90.000 euro.

De provinsje hat sjoen nei de kwaliteit fan de festivals en nei wat it publyk der oan hat. Op grûn dêrfan is besletten hokker festivals wol en net jild krije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)