Mansveld wurdt direkteur by Veiligheidsregio Groningen

12 jan 2017 - 16:56
Wilma Mansveld - Foto: ANP

Wilma Mansveld wurdt de nije direkteur fan de Veiligheidsregio Groningen. Se begjint op 1 maart oan har nije funksje. Op it stuit is Mansveld noch waarnimmend boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Se wennet yn Grins en hat earder ek deputearre en steatelid fan Grinslân west.

Yn Tytsjerksteradiel wurdt Jeroen Gebben de nije boargemaster.

(Advertinsje)
(Advertinsje)