Kampanje foar sportwinsken fan minsken mei in beheining

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Sport Fryslân is op syk nei de sportwinsken fan minsken mei in beheining. Dêrfoar is Sport Fryslân yn gearwurking mei Vereniging Sport en Gemeenten (VSG) en de Ljouwerter Krante de kampanje #laatjenietbeperken begûn. Doel fan dy kampanje is om mear minsken mei in lichaamlike of ferstanlike beheining oan it sporten te krijen.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat in soad minsken mei in beheining net goed witte wêr't se allegearre oan sport dwaan kinne. De kampanje moat dêr feroaring yn bringe. Dêrom hawwe de partijen der ek in oprop oan keppele. Oant ein jannewaris kinne sportwinsken ynstjoerd wurde foar minsken mei in beheining.
Sportgala
De winner wurdt op 15 febrewaris, op it Sportgala fan Sport Fryslân, bekend makke. De winnende winsk wurdt dêrnei ek útfierd.