Foto's fan dûsende froulju

28 maaie 2012 - 12:30
Foto: www.sxc.hu

De plysje hat op camping De Roggeberg yn Appelskea in Poal oanhâlden dy't foto's makke fan dûsende froulju. De man waard ûntdutsen troch kampearders, dy't him oanhâlden en dêrnei oerdroegen oan de warskôge plysje.

It giet om in 29-jierrige man sûnder fêst wenplak. De man makke de foto's mei syn mobyl, dy is troch de plysje yn beslach naam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)