Undersyk nei dúnbrân

28 maaie 2012 - 12:25
Foto: Omrop Fryslân

De plysje docht ûndersyk nei in dúnbrân op Flylân, ôfrûne sneontejûn. De brân bruts omtrint njoggen oere út by de Postwei. It fjoer fersprate him sa fluch, dat brânwachtkorpsen fan de fêste wâl oproppen waarden om te helpen by it blussen. Uteinliks wie dat net nedich, om't de brânwacht fan it eilân help krige fan Steatsboskbehear, de plysje, de KNRM, de loftmacht en in groepke bewenners.

In gebiet sa grut as twa fuotbalfjilden is fernield. Der rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
Flylân dúnbrân
(Advertinsje)
(Advertinsje)