112-belster út Easterwâlde smyt rút yn by plysjeburo

(Argyffoto) © Twitter, Andre van Dalfsen
In alkoholferslaving hat in 30-jierrige frou út Easterwâlde foar de twadde kear yn in wike yn de problemen brocht. Tongersdeitemiddei is de frou oppakt om't se in rút by it plysjeburo yn har wenplak ynslein hat. Dat die se wylst se ûnder ynfloed fan alkohol wie.
Ferline wike hie se ek fierstente folle dronken en belle se kontinu it alarmnûmer 112. Dat barde freedtenacht. Neidat de plysje har in warskôging jûn hie, bleau it efkes rêstich, mar dêrnei begûn se opnij. Doe is har telefoan yn beslach naam.
Om't de frou in alkoholferslaving hat, is der profesjonele help ynskeakele.