Feartsjinsten Flylân en Skylge ferfalle

© Stefan Postema
Yn ferbân mei it hege wetter ferfalt freed in oantal feartsjinsten tusken Harns en de eilannen Flylân en Skylge. It giet foar Flylân om de tsjinst fan kertier foar fiven nei de fêste wâl en dy fan sân oere nei it eilân. Foar Skylge ferfalt de tsjinst fan healwei seizen nei Harns en dy fan fiif foar achten nei Skylge.
Troch it hege wetter stean de stegers ûnder wetter en kinne de fearboaten net oanlizze en de minsken op of fan de boat komme.